Stille Ommegang & Herdenking 4 mei 2014

Overdenking Bouke Oldenhof

En wer is it fjouwer maaie. En wer is it sa’n fjouwer maaie jûn, sa hoar, sa ûnferwachts ljocht noch, dy skerpe skaden en dy woldiedige stilte. Dy stilte datst sa goed de fûgels hearst dy’t har nergens wat fan oanlûke en dy’t  sjonge fan frijheid yn de loft. It is wer fjouwer maaie.

En wer rinne wy achter de tromme oan troch it doarp. En wer leit der in floers oer de tromme en in wale oer de jûn. Foar de hoefolste kear al? Ach, it jiertal is net belangryk, it is wer fjouwer maaie.

En wer binne wy oer it hôf gongen, en wer ha de bern blommen lein by de fjouwer grêven. Sa moai, sa oandwaanlik dat it bern binne. De ûnskuld dy’t blommen leit by de slachtoffers fan represje. De symboalen fan jeugd en fan de belofte fan in lang libben dy’t har bûge oer de deaden dy’t te jong, fierste te jong stoarn binne. It is wer fjouwer maaie.

It is lang lyn dat de minsken dy’t no betocht wurde, omkommen binne. Ik ha se noait kennen, en sa sil it hjir grif mear gean, miskien de measten wol. Begryplik, fansels, it is ek al santich, fiifensantich jier lyn. Mar ik fyn it apart hjir wat te sizzen sûnder te witten wa’t it binne dy’t wy hjir yn it bysûnder betinke. Dus ik wol foaral harren ferhaal foar himsels sprekke litte.

Wy steane by it moumint dêr’t wy aans de krânse lizze sille. Jeen Jeeninga wie njoggentjin en Klaas Idzerda tweintich, doe’t sy foelen by de slach om de Grebbeberch op 10 en 13 maaie. Om it westen te ferdigenjen hie Nederlân op it alderlêst de Grebbeliny oanlein, mar dy wie noch net klear doe’t de Dútsers oanfoelen. Op in gebiet fan twa by trije kilometer sneuvele in fyfde part fan de goed 2000 soldaten dy’t dêr leine. Yn totaal 425 jonge jonges. Jeen Jeeninga en Klaas Idzerda binne begroeven op De Grebbe.

De Dútsers foelen yn de maaiedagen ek it militêre fleanfjild Valkenburg by Wassenaar oan, dêr’t no de musical Soldaat van Oranje opfierd wurdt. De Dútse bommewerpers fleagen earst nei see en kamen doe werom om it fleanfjild en de troepen dêr te bombardearen. Letter waard der ek noch op de grûn fochten. Hûnderten soldaten kamen om: Anne Huisman út De Gerdyk wie ien fan harren. Nei de slach waard syn oerskot werombrocht nei it doarp dêr’t er geboaren wie: it earste grêf dêr’t wy blommen brocht ha.

It fjirde grêf. Mei it frijheidsmonumint fan de Stichting 40-45 dat op alderhanne plakken by oanlochsgrêven yn Fryslân stiet. Hylke Watzema, boer oan de Rolbrêgedyk, op de twadde pleats oan de rjochterkant hjirwei rekkene. Op 3 juny kamen fjouwer Grinzers by de Watzema’s, sy sochten plak omt sy meidien hiene oan in oerfal op in distribúsjekantoar. Dêr hiene sy bonnen stellen om iten krije te kinnen foar ûnderdûkers. Watzema sei gjin nee. Hy koe twa plak jaan, twa oaren stjoerde er nei De Ulesprong. Ien fan dy beide wie lykwols in spion, in Nederlânse studint dy’t de Dútsers op de hichte brocht. In oerfalwein om trije oere nachts. Sân soldaten. Sy slane de ruten stikken, gean it hús yn en helje Hylke Watzema fan it bêd. En de twa ûnderdûkers wurde gau fûn. Wêr binne de oare beide? Mei in fytspomp slane de soldaten Watzema de kaak stikken, even letter sjitte sy him troch de holle. Nei fiif dagen fan ferhoar yn Ljouwert mei syn frou werom om har man te begraven.

Doe’t it yn 1944 yn Drachten te gefaarlik waard kaam it sintrum fan it ferset yn Súd-West Fryslân op De Tynje, by Douwe Algra yn de hús – fersetsnamme Van der Velde. Op 28 desimber klonk oer Radio Oranje it koadeberocht: Iedereen heeft zijn gebreken. It betsjutte: in dropping fan wapens foar it ferset tusken De Deelen en De Ulesprong. Dy binne dy nachts ferstoppe ûnder de turf by in arkje fan Popke Zwerver yn de Heafeart.
Der kamen sûnt healwei 1944 hieltyd faker Dútse patroeljeweinen troch De Tynje. Deis nei de dropping, 29 desimber, ried der in legerauto troch de Breeweo, draaide om en stoppe in hús fierder as Algra sinen. Fjouwer fersteslju sieten by him oan de kofje, ien derfan wie krekt befrijd by de bekende oerfal út de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Algra koe fuortkomme en letter ûnderdûke; syn fjouwer gasten hienen minder gelok en foelen yn hannen fan de soldaten. Dy’t al moai wat dronken hiene. De manlju waarden mishannele troch in Nederlânse S.S.’er, omt sy neat sizze woene. Letter soene sy leaud wurde, doe’t sy fertelden dat sy om turf by Algra wiene; sy koene de manlju blykber net as lju fan it ferset.
Doe’t de legerauto stoppe, siet turfmakker Wolter Huisman, goed 30 jier âld, neist Algra by kapper Kuperus. Hy waard derwei helle en yn de arrestantewein setten. Dêr siet er mar te sitten, der gebeurde neat. Nei in skoftke stapte hy dus wer de arrestantewein út en Wolter soe werom nei de kapper. Hy kaam mar in pear meter, hy krige in salvo troch de holle. Syn mem wie der op de fyts as ien fan de earsten by mar waard tsjinholden. Wolter Huisman is it twadde grêf dêr’t wy blommen brochten.

Eeltsje de Vries rûn op de dyk, doe’t er de skotten hearde dy’t Wolter Huisman it libben kosten. Deselde Nederlânse soldaat dy’t dy skotten loste, seach Eeltsje de Vries fuortdraven, it lân yn, de beferzen sleatten oer. Hy skeat, syn skot wie raak, mar net deadlik. Tusken twa manlju yn waard Eeltsje werombrocht. De Nederlânse soldaat smiet syn pet oer de grûn en frege Eeltsje om him op te krijen en werom te goaien. Doe foel in fataal skot. Eeltsje de Vries leit ticht by Watzema, yn it tredde grêf.

Slachtoffers dy’t gjin helden binne. Helden dy’t net slachtoffer wurde. Moardners en ferrieders dy’t harren straf ûntrinne. It is gjin oarlochsfilm, it is fjouwer maaie
Nei de dûbelde moard wiene der genôch manlju dy’t de krekt dropte wapens ophelje woene. Wraak nimme op de Dútsers en de ferrieders. Algra/Van der Velde hat prate moatten as Brugman om dat te kearen. It hie alles ommers allinne mar slimmer makke. Algra hat him nei de oarloch ynsetten foar pensjoenen foar de neibesteanden yn de Stichting 40-45.

Fjouwer maaie, wat moatst dermei? Frijheid, wat seit dat? It lêste wize wurd dêroer sil ik echt net sprekke. Ik moat allinne tinke oan in boek dat my as jonge fan fjirtjin danich rekke: De eangst foar de frijheid, fan Erich Fromm. Dy hat it oer twa soarten frijheid: frij fan (ûnderdrukking, ûnrjocht) en frij om (goede dingen te dwaan, josels te wêzen).
Frij fan wol elk wol wêze, seit Fromm. Underdrukkers binne der genôch yn de wrâld, ûnrjocht by de bult. Jou ús in ûnderdrukker en in fijân en wy wolle ús wol fersette. Teminsten dat tinke wy no. Frijheid is wat om foar te striden, dat wol sizze: ûnderdrukking is wat om tsjin te striden.
Mar frij wêze om -! In ynfolling jaan oan de frijheid, inerlike frijheid sûnder striid tsjin ferkearden, sels witte wat jo paadsje yn it libben is en dat paad op te gean mei alle ferantwurdlikheid en moed dy’t in behyplik minske yn him hat. Neffens Fromm binne in protte minsken bang foar dy frijheid. Frij fan, dat wol elk; mar frij om, dat is sa maklik net. Ek net op 4 maaie.

Fjouwer maaie foar ús hjirre, op De Tynje? Wy binne wol goed yn frij fan. Wy binne wend om by de stok op. Mar miskien binne wy wol mear ferplichte tsjinoer dizze seis minsken dy’t net âld wurde mochten, dy’t net de kâns krigen om de frijheid yn te foljen en wat goeds en weardefols fan har libben te meitsjen, om ús kânsen foar frijheid sa goed mooglik te pakken. Net allinne frij wêze fan, mar ek frij wêze, om yn ús libben – ach, it djipste wêzen fan frij wêze om, is dat gjin oar, gjin fijân net, mar ek gjin freon, dat foar dy bepaalt, dy opdracht is hielendal de ferantwurdlikheid fan dysels.

Soksawat, ik wit it ek net better. Seis jonge minsken ha net fan it libben meitsje mochten wat it wurde kinnen hie. De lêste wize wurden oer de frijheid sil ik hjir no net sprekke.  Ik ha mear sin om twa minuten stil te wêzen. De klok, The Last Post, in krânse. Stilte. Lit it mar fjouwer maaie wêze.

 

Gedicht schoolkinderen

Vrijheid geef je door
Wij, schoolkinderen van nu, wij horen over die oorlogswonden
Wij zien het op de televisie en praten er over in de klas.
Op internet heb ik er laatst nog wat over gevonden.
Ik heb geen familie meer die zeggen; toen....... toen ik daar bij was.
Het moet.....vrijheid, vrijheid geef je door

Vrijheid geef je door
Ik, schoolkind van nu, ik zie de beelden van oorlog elke keer.
Ik zie duizenden mensen vluchten op tv.
Kinderen die achter blijven, geen pappa en geen mamma meer.
Een kamp, een tent, een handvol rijst mee.
Het moet.....vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Mijn klasgenoten zien en horen volwassenen praten;
dat mensen - mensen weg willen hebben - dat raakt niet verstomd.
Die zin die ze niet kunnen verlaten......
ga terug naar waar je vandaan komt.
Het moet.....vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Hier vochten en vechten, hier stierven en sterven mensen om.
Wij horen te "delen" met elkaar omdat "verdelen" oneerlijk blijkt.
Een plek om veilig te wonen en te leven - is toch niet krom?
Toch blijft het bestaan dat iemand om ons heen bezwijkt.
Het moet......vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Zo is hier die oorlog ook gevoeld, gestreden; lang geleden voor mij.
Ook bij ons is die angst, die dood hard binnen geslagen.
Wij denken aan deze mensen, ja zeker - nu zijn zij dichtbij.
Laten wij op z'n minst voor hen - elkaar leren verdragen.
Het moet......vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Maar weet ik wat het is om van elk geluid te verstijven?
Om bang en hongerig weggedoken niets te durven doen!
Weet ik wat het is om voor elke dag bang te blijven?
De kleur van het gras is al lang niet meer groen.
Het moet......vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Zoveel oorlog blijft in deze wereld, vluchtende mensen.
Omdat de ene zich beter voelt dan de anderen.
Omdat de ene meer wil dan die ander ooit kan wensen.
Hoe toch, wanneer toch zal dit veranderen.
Het moet......vrijheid, vrijheid geef je door.

Vrijheid geef je door
Ik vraag u voor dit monument, allemaal om mij heen;
probeer “het” met elkaar en voor elkaar.
Echt delen, echt samenleven, niemand meer alleen.
dan herdenken wij velen met een prachtig gebaar.
Het moet......vrijheid, vrijheid geef je door.

Herdenking

Op 4 mei herdenken we slachtoffers die sinds het uitbreken van de tweede wereldoorlog in oorlogssituaties en bij vredesoperaties zijn omgekomen. Ook in Tijnje doen we hier natuurlijk weer aan mee. Na een stille omgang door het dorp vindt er een herdenking plaats op de begraafplaats. De overdenking wordt dit jaar verzorgd door de heer Bouke Oldenhof. Ook zullen de schoolkinderen gedichten voordragen. Thema van de herdenking is dit jaar weer ‘Vrijheid spreek je af’. We hopen weer op een grote opkomst, net als voorgaande jaren.

19.00 Samenkomst in kerk Rolbregedyk met muzikale omlijsting
19.10 Opstellen voor route langs Breewei, Warrewei, Winia Ikkers en Master Roordawei
19.15 Vertrek naar Algemene Begraafplaats
19.35 Kranslegging bij monument
19.36 Overdenking door Bouke Oldenhof
19.45 Koralen door de Bazuin
19.52 Voordracht door kinderen
19.56 "The Last Post" door de Bazuin
19.57 Klokluiden - ter nagedachtenis aan hen die hun leven gaven
20.00 Twee minuten stilte
20.02 Klokluiden - een oproep voor vrede, veiligheid en gerechtigheid
20.04 Wilhelmus vers 1 en 6 door de Bazuin
20.06 Afsluiting door voorzitter van Plaatselijk Belang

Indien het voor u bezwaarlijk is om deel te nemen aan de stille omgang, kunt u rechtstreeks naar de begraafplaats gaan.

U wordt vriendelijk verzocht om tussen 18.00 en 21.00 de vlag halfstok te hangen.

De Breewei zal tussen 19.15 en 20.10 worden afgesloten voor verkeer om de herdenking op gepaste wijze te kunnen laten plaatsvinden.

Wij verwachten dat er weer veel mensen aanwezig zullen zijn.